Mouww no al in súkses

23 jul 2009 - 20:13
  • De foarstelling Mouww lûkt in soad folk

De spesjale teaterfoarstellings Mouww yn Snits lykje in grut sukses te wurden. De foarstelling oer in sirkusfamylje wurdt foar in grut part spile troch minsken mei in beheining. Tongersdei wie de premjêre yn in sirkustinte yn Snits. Dy wie folslein útferkocht.

Foar freed binne alle kaarten ek al fuort. Allinich foar sneon en snein binne noch plakken beskikber. Undanks dit sukses binne der gjin plannen foar ekstra foarstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)