Mountainbikers yn Appelskea

18 apr 2004 - 00:00

Yn Appelskea is dit wykein op heech nivo mountainbiked. Nasjonale en ynternasjonale toppers diene mei oan wedstriden om ynternasjonale punten te garjen. De Nederlânske topper Bart Brentjens moast ferstek gean litte fanwege sponsorferplichtings.

De wedstryd gie sneon oer fyftich kilometer. De Friezen Martin Schuttert en de jonge Maarten Kemperman koene yn it ynternasjonale geweld gjin rol fan betsjutting spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)