Mountainbikers fytse dwers troch De Walrus

05 sep 2015 - 12:57
  • De mountainbikers gean de Walrus yn

Mountainbikers fytsten sneon dwerstroch restaurant de Walrus yn Ljouwert. Dit wie ûnderdiel fan de 4e edysje fan de 11-stêde MTB Xperience. De dielnimmers hawwe it dit jier tige swier sa seit de organisaasje. Freed binne troch it minne waar sa'n 20% fan de dielnimmers ôfstapt. Doe waard der starten yn Dokkum, de einstreek lei yn Burgum. Sneon waard der wer yn Burgum starten en gong de rûte oer in stik fan de nije Sintrale As nei Ljouwert, Snits, Sleat, Drylts, Starum en is de finish yn Molkwar.

De organisaasje kiest faker foar wat hindernissen op de rûte, ferline jier gong de rûte dwers troch in pleats hinne. Snein is de lêste etappe fan dizze edysje, dan giet de tocht fan Molkwar nei Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)