Mounetille nij libben ynblaasd

07 maaie 2007 - 16:06

Dantumadiel hat in projektlieder oansteld om de bou fan multifunksjoneel kompleks Mounetille yn Damwâld te begelieden. Al tsien jier lang wurdt oer it kompleks praat, mar beswieren fan omwenjenden en it ûntbrekken fan ekologysk ûndersyk hâlde it projekt tsjin.

De gemeente wol no avenseare en tinkt dat in projektlieder hjirfoar soargje kin. Ek hat it projekt in nije namme krigen: De Nije Tille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)