Motors op Eastbloktreffen

03 jun 2011 - 17:28

Tsientallen âlde motors út it eardere Eastblok binne dizze 'e wike yn Marrum te finen. De motors binne dêr fanwege it 'Oostbloktreffen'. Dat is in spesjaal evenemint foar leafhawwers fan motors út East-Europa. Fan fier komme de minsken nei Fryslân ta om mei-inoar troch ús provinsje te toeren.

Sa komme der ûnder oaren motorriders út Denemarken, Ingelân, Dútslân en België. It evenemint wurdt dit jier foar de sânde kear hâlden. De ôfrûne jierren is it evenemint aardich groeid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)