Motors kontroleard op snelheid

28 maaie 2012 - 14:54
  • Alvestêdemotors

Njonken de fytsalvestêdetocht is ek de tocht foar de motorriders in wichtich ûnderdiel fan pinkstermoandei. By har giet it om 240 kilometer mei as begjin- en einpunt de stêd Ljouwert. Opfallend wie dat de plysje ekstra kontrôles útfierde. Want behalve in soad leven heart by dizze tocht ek dat guon motorriders wolris wat te hurd ride wolle.

De plysje kontrolearre moarns yn de Súdwesthoeke goed 3000 auto's en motors. Dêrfan rieden 400 te hurd, sawat ien op de acht. Dy kinne allegear in boete ferwachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)