Motorrydster ferwûne yn Burgum

19 jun 2006 - 12:04

In frou fan 45 jier út Burgum is snein ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. It slachtoffer ried op har motor op in splitsing ôf. Se seach dat in autobestjoerster de binnenbocht naam. Om in oanriding foar te kommen, remme de motorrydster flink ôf. Dêrby gong se ûnderút.

De frou hie ferskate ferwûnings en is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. De autobestjoerster kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)