Motorriders wolle goede diken

24 mrt 2010 - 19:51
  • It motorseizoen begjin wer

De Nederlânske Motorridersferiening wol dat provinsje en gemeenten sa gau mooglik de froastskea oan de diken meitsje. Mei it moaie waar komme de motors wer foar it ljocht en in soad leden klage oer de minne diken. De rykswegen wurde al oanpakt, mar lokale en provinsjale oerheden bliuwe achter.

Der binne noch gjin ûngelokken bekend troch gatten yn de dyk, mar de feriening is dêr wol benaud foar as mei de Peaske it motorseizoen echt los giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)