Motorriders licht ferwûne

09 jun 2008 - 11:05

In motorrider (28) fan Sint_Anne is sneintemoarn ferwûne rekke oan ´e knibbel. Hy wist in ûngelok foar te kommen, mar gie wol ûnderút doe´t er ôfremme foar in 26-jierrige autobestjoerder dy´t him gjin foarrang joech.

Yn Snits rekke in motorrider (42) ferwûne oan ´e foet. Hy moast hurd remje foar in auto dy´t foar him ried. In botsing wie it gefolch. Yn beide gefallen moasten de motorriders nei it sikehûs oerbrocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)