Motorriders ferwûne by ferkearde ynhelaksje by Sweins

16 mrt 2016 - 08:55

Twa motorriders út Harns fan 27 en 29 jier binne tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de strjitwei by Sweins. It duo kaam út de rjochting fan Dronryp en woe in bedriuwsbus ynhelje. Dêrby seagen se te let dat it buske ôfsloech nei in bedriuw oan de linkerkant fan de dyk.

De Harnzers botsten tsjin it buske en binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)