Motorrider yn Boalsert ferwûne nei botsing mei auto

19 apr 2015 - 10:48

Yn Boalsert is sneontemiddei in 31-jierrige motorrider út Nijlân ferwûne rekke by in oanriding op de Snekerweg. Hy kaam yn botsing mei in 20-jierrige automobilist út Burchwert.
Twa passanten ferlienden earste help. It slachtoffer is mei in brutsen skonk en pols mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje siket tsjûgen om út te finen hoe't dit ûngelok barre koe. Ek de passanten dy't earste help ferlienden wurdt frege har te melden by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)