Motorrider ûnderút yn Bantegea

10 jun 2014 - 11:05
  • Ambulânse

In 31-jierrige motorrider út Slochteren is moandei oan 'e ein fan de middei op de Master Wijmawei yn Bantegea ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. In 43-jierrige frou fan De Jouwer ried fan in hiem ôf de dyk op en seach de motorrider oer de holle. It slachtoffer rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)