Motorrider ûnderút by Abbegea

17 aug 2008 - 16:36

In motorrider (21) út Greonterp is sneontejûn ferwûne rekke doe't er by Abbegea ûnderút gie. Hy moast útwike foar in elektrisiteitskabel dy't oer de dyk hinne lei en kaam dêrnei yn botsing mei in peal.

Hy bruts in skonk, mar koe dochs noch nei hûs ta ride. Syn heit brocht him dêrnei nei it sikehûs ta. De plysje sil ûndersykje hoe't de kabel oer de dyk kaam is. Mooglik is de elektrisiteitskabel troch in trekker mei in te hege lading loslutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)