Motorrider as tsjûge socht

07 apr 2013 - 14:41

De plysje siket in motorrider dy't stoppe wie nei in ûngelok, sneontemiddei yn de buert fan Ljouwert. Op de fjouwerbaansdyk N383 tusken de fuotgongersbrêge by Marsum en it gebou Crystallic wie in auto de sleat yn riden. De bestjoerder (45) út Menaam seit dat er by it ynheljen fan in swarte Audi ynienen nei links moast, omdat de Audi ek nei links ried. Hy rekke doe de linker middenberm en skeat nei in stjoerkorreksje rjochts fan 'e dyk de sleat yn. Omstanners hawwe him derút helle. Hy rekke net ferwûne by it ûngelok.

De plysje wol graach yn kontakt komme mei de motorrider. Dy kin belje mei 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)