Motorrider slim ferwûne

13 apr 2007 - 14:14
  • Motor út 'e bocht by Dronryp

By in ûngelok op de dyk tusken Dronryp en Hatzum is in motorrider (23) freed swier ferwûne rekke. Hy helle in auto yn mar moast ynienen hurd remje om't der in auto fan de oare kant kaam. De motor begûn te slingerjen, fleach út de bocht en bedarre yn de tún fan in pleats oan de Longbuorren.

De motorrider út Warkum is mei slimme ferwûnings oan beide skonken oerbrocht nei MCL. It stikje dyk is in slûprûte fanwege de ôfsette dyk Ljouwert-Winsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)