Motorrider slim ferwûne

29 mrt 2014 - 11:37
  • Ambulânse

In motorrider fan It Hearrenfean is freedtemiddei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Hege Dyk yn Sint Jansgea. De 21-jierrige man kaam op syn motor yn botsing mei de auto fan in 41-jierrige plakgenoat. Dy woe de dyk oerstekke, mar seach de motorrider oer de holle.

De motorrider fleach troch de klap fan de motor ôf en bedarre tsjin in parkearde bestelbus. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)