Motorrider rydt 203 km/oere

11 apr 2014 - 10:23
  •  Snelheidskontrôle

In 22-jierrige motorrider út Drachten moast syn rydbewiis ynleverje om't er mei mear as 200 kilometer yn de oere oer de A7 ried. De man is begjinnend bestjoerder en siet neffens de plysje ek fierstente ticht op in auto dy't foar him ried. By de snelheidsmjitting waard in snelheid fan boppe de 200 metten. Uteinlik is de offisjele snelheid klokt op 203 kilomter yn de oere.

Op de A7 hat de plysje tongersdei noch mear boetes útdield.

Ien bestjoerder ried 186 km/oere op de Ofslútdyk, fiif minsken bellen net handsfree, der waard links riden wylst dat net nedich wie en in bestjoerder joech gjin rjochting oan by it ynheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)