Motorrider rydt 186 op Heak om Ljouwert en is rydbewiis kwyt

26 okt 2015 - 08:43

Trije hurdriders moasten snein harren rydbewiis ynleverje nei flinke snelheidsoertrêdings. Sa waard op de Heak om Ljouwert in 43-jierrige motorrider út Mullum trappearre. Hy ried 186 op in plak dêr't je 100 kilometer yn de oere ride meie.

Op de A31 by Marsum gong in 20-jierrige automobilist út Húns yn de fout. De plysje klokte him op 188, wylst 120 tastien is. En op de A7 op de Ofslútdyk jildt in maksimumsnelheid fan 130 kilometer yn de oere. In 31-jierrige motorrider út Rotterdam ried dêr lykwols 201. Ek hy is syn rydbewiis in skoft kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)