Motorrider rekket ferwûne by ûngelok yn Ealsum

12 jun 2015 - 11:43
  • De motor bedarre yn de sleat njonken de Dokkumerwei

In 27-jierrige motorrider út Damwâld is tongersdei ferwûne rekke oan de rêch by in iensidich ûngelok yn Ealzum. De man ried op de Dokkumerwei en ferlear de kontrôle oer de motor. Hy kaam te fallen en bedarre yn de sleat.

It slachtoffer koe der sels útkomme en is mei de ambulânse nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)