Motorrider op De Jouwer ferwûne by botsing mei lykwein

06 maaie 2015 - 14:00
  • Ungelok mei motorrider op De Jouwer

Op De Jouwer is in 35-jierrige motorrider út dat plak woansdeitemiddei op de Scheen tsjin in lykwein botst. De lykwein wie ûnderweis nei in stjergefal, doe't de motorrider troch noch ûnbekende oarsaak tsjin it buske oan ried. De auto rûn by de klap safolle skea op dat der ferfangend ferfier socht wurde moast.

De motorrider rekke by it ûngelok ferwûne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins oerbrocht. De plysje siket út hoe't it ûngelok gebeure koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)