Motorrider omkommen

09 okt 2004 - 15:48

By in oanriding op de Lauwersseewei tusken Dokkumer Nijesilen en Bûtenpost is freed in 23-jierrige motorrider fan Mitselwier om it libben kommen.

It ûngemak barde doe't in 21-jierrige automobiliste fan Ulrum ôfslaan woe nei Kollum. Dêrby seach se de motorrider oer de holle en botste frontaal op him. De motorrider wie op slach dea. De automobiliste en har byrider binne mei lichte ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)