Motorrider omkaam by ûngelok

18 apr 2014 - 07:40
  • Helptsjinsten kinne neat mear foar it slachtoffer dwaan

In 30-jierrige motorrider út Haulerwyk is freedtemoarn betiid omkaam by in ienside oanriding op de Weinterp by Wynjewâld. Nei alle gedachten hat de man by in ynhelaksje de macht oer it stjoer ferlern. Hy kaam yn de berm telâne en botste tsjin in beam.

It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûnings ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)