Motorrider om by Langelille

22 mrt 2009 - 17:27

De plysje hat sneontemiddei om 15.00 oere hinne op de Tsjerkewei yn Langelille in ûngelok ôfhannele. In 54-jierrige motorrider en syn 52-jierrige passazjier rekken dêrby ferwûne.

De manlju fan De Harkema rieden fanút Langelille yn de rjochting fan Skerpenseel doe't de bestjoerder by in krusing de situaasje ferkeard ynskatte en de macht oer it stjoer ferlear. De motor foel en skeat de berm yn. De manlju binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)