Motorrider komt om yn Ie

23 apr 2011 - 23:11
  • Foto: Henk Koster www.112-nof.nl

In 45-jierrige motorrider út Winsum (Grinslân) is sneontemiddei ferstoarn by in ûngelok op de Humaldawei yn Ie. It slachtoffer ried op de trochgeande dyk, doe't er oanriden waard troch in crossbrommer, dy't fan de sydkant kaam.

De brommerrider waard mei in harsenskodding oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum. Syn passazjier moast mei letsel oan de skonk nei it MCL yn Ljouwert. De traumahelikopter hat assistinsje ferliend by it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)