Motorrider komt om by ûngelok

08 mrt 2010 - 09:47

By in earnstich ferkearsûngelok op de Wester Es by Appelskea is snein in motorrider (39) út Donkerbroek om it libben kommen. In automobiliste fan Grins ried fan in útrit de dyk op. Sy hie de motorrider wol sjoen, mar hie net yn de gaten dat er sa tichtby wie. Se hat noch besocht om de man te ûntwiken troch ekstra gas te jaan, mar dat is net slagge.

De motorrider is op de auto riden en bedarre op de dyk. De man is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)