Motorrider komt om by ûngelok

23 apr 2001 - 00:00

In 33-jierrige motorrider út Boijl is snein tusken De Lemmer en Bantegea om it libben kommen. Hy naam in bocht yn 'e Grietenijdyk te rom en kaam op de ferkearde weihelte telâne. Dêr ried in bestelauto.

De bestjoerder út Bantegea (39) koe net mear om de motor hinne. De motorrider is op it plak fan it ûngemak ferstoarn. De bestelweinsjauffeur hie neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)