Motorrider komt om it libben by Skarsterbrêge

15 mrt 2016 - 21:15
  • Motorrider ferûngelokket by Skarsterbrêge

By in iensidich ûngelok op de Scharren by Skarsterbrêge is tiisdeitejûn in 21-jierrige motorrider út Wynjewâld om it libben kaam. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de motorrider fan de dyk en bedarre mei de motor yn de boskjes.

De helptsjinsten hawwe it slachtoffer lang oan it reanimearjen west, mar hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)