Motorrider fêst yn Fryslân

11 jun 2014 - 12:40
  • De Deenske motorrider René Mortensen sit al twa dagen fêst yn Fryslân

De Deenske motorrider René Mortensen sit al twa dagen fêst yn Fryslân. De Deen wol graach nei hûs, mar kin fanwege syn leveransier net út Fryslân wei. Mei in groep motorriders fan The Ruff Ryders die er ôfrûne moandei mei oan de motoralvestêdetocht. Troch problemen by Dokkum mei syn motor kin er no lykwols net mear nei hûs ta. Syn Deenske leveransier wol net dat er syn motor hjir meitsje lit. En dus sit er noch altyd yn Fryslân. In spesjale SOS-tsjinst út Denemarken is op dit stuit ûnderweis nei Fryslân om de motor nei hûs te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)