Motorrider ferwûne yn Ljouwert

26 aug 2014 - 10:55

In 47-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. De man ried op syn motor oer de Wollegaast. In 26-jierrige autobestjoerster út Nunspeet kaam fan de Bird oanriden en seach de motorrider oer de holle. In oanriding wie it gefolch en dêrby gie de Ljouwerter ûnderút. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De frou kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)