Motorrider ferwûne by Wytgaard

01 nov 2009 - 15:46
  • Foto: Jaring Rispens

In 32-jierrige motorrider fan Ljouwert is sneon op de Bredyk by Wytgaard ferwûne rekke doe't er fol op in auto botste. Dy waard bestjoerd troch in 81-jierrige Ljouwerter. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke er op de ferkearde helte fan de dyk.

De motorrider koe in oanriding net mear foarkomme. Beide Ljouwerters binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)