Motorrider ferwûne by ûngelok

11 aug 2008 - 09:44

In motorrider (49) fan Jannum is sneintejûn ferwûne rekke by in oanriding op de Menamerdyk by Bitgummole. De motorrider waard nei alle gedachten oer de holle sjoen troch in 29-jierrige automobilist út Poalen.

De motorrider waard mei in brutsen earm oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. In passazjier út de auto, ek in man (25) út Poalen, waard mei pine yn ´e nekke ek oerbrocht nei it Ljouwerter sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)