Motorrider ferwûne rekke yn Frjentsjer

01 okt 2015 - 21:13
  • Motorrider ûnderút yn Frjentsjer

In 39-jierrige man út Frjentsjer is tongersdei op de Boargemaster J. Dijkstrawei op syn motor oanriden troch in 83-jierrige stedsgenoat. Hy bruts dêrby syn ankels en in earmtakke. De motorrider kaam út de rjochting fan de Ljouwerterstrjitte, doe't er in auto ynhelle. Hy seach dêrby in oare auto oer de holle dy't fan de A. van Voorthuizenstrjitte de Boargemaster J. Dijkstrawei opried.

De man foel dêrby fan syn motor. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)