Motorrider ferwûne rekke

17 maaie 2005 - 14:14

In 22-jierrige motorrider is snein by Aldeboarn ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried nei alle gedachten te hurd troch in bocht yn de Easterboarn. Hy kaam yn de berm en rekke in pear beamkes. Dêrtroch waard er lansearre en kaam er yn in sleat telâne.

Omstanners ha de man der úthelle. Hy is mei ferwûnings oan de nekke en de rêch nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)