Motorrider ferwûne op It Fean

26 okt 2010 - 10:23

In 51-jierrige motorrider út Eastermar is moandei op It Hearrenfean ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried oer de K.R. Poststrjitte en begûn neffens minsken dy't it seagen, te slingerjen. Hy kaam doe ûnder in frachtauto, dy't dwers oer in krúspunt ta stilstân kaam.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat de dyk in skoftsje ôfsletten foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)