Motorrider ferwûne by oanriding yn Aldeberkeap

30 aug 2015 - 10:28

In 26-jierrige motorrider út Easterwâlde is sneontemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn Aldeberkeap. In 44-jierrige bestjoerster fan in bestelauto út Nijberkeap kaam de man temjitte en sloech linksôf. Dêrby seach se de motorrider oer de holle.

De man knalde tsjin de sydkant fan de bestelauto. Hy is nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)