Motorrider ferwûne by B'fean

06 jan 2008 - 12:16

Op de Tsjerkewal by Bakkefean is justermiddei in motorrider (52) licht ferwûne rekke by in ûngelok. Hy waard oanriden troch in autobestjoerder út Heemskerk (23). Dy wist it paad net en hie de motorrider oer de holle sjoen.

De motorrider foel op de dyk, mar hoegde net nei it sikehûs. Syn motor rekke wol flink fernield. Ek de auto fan de man út Heemskerk moast fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)