Motorrider ferwûne

17 okt 2011 - 10:06

In 32-jierrige motorrider út Lelystêd is sneintemiddei op de Tolhekbuert yn Nij Beets ferwûne rekke by in ûngelok. De man naam nei alle gedachten de bocht te rom en kaam dêrby op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Dêr ried krekt in 46-jierrige man út De Himrik. Dy koe it slachtoffer net mear ûntwike.

De motorrider rekke de auto en kaam te fallen. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonk oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)