Motorrider ferwûne

07 maaie 2007 - 10:46

In 21-jierrige motorrider út Surhuzum is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. Der lei smoargens op 'e dyk en de motorrider besocht dat te ûntwiken. Yn in bocht hie er syn motor dêrtroch net mear ûnder kontrôle.

De man gie ûnderút, rekke in pealtsje en skode mei syn motor yn in greppel njonken de dyk. It slachtoffer hie ferskate ferwûnings en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)