Motorrider ferûngelokke

31 aug 2008 - 17:41
  • De helptsjinsten (foto Maurice Hamming)
  • De traumahelikopter wie te let

In 29-jierrige motorrider út Haulerwyk is snein om it libben kommen by in ûngelok op de A7 by Oerterp. De man woe de Wâldwei rjochting Ljouwert opride doe't er yn de bocht ûnderút gie en tsjin de fangrail kaam.

De man ried yn in groepke mei oare motorriders. It slachtoffer is ûnderweis nei it sikehûs yn Grins oan syn ferwûnings ferstoarn. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)