Motorrider ferûngelokke

14 sep 2006 - 11:19

Op de Ofslútdyk is tiisdeitemiddei in 60-jierrige motorrider út Burgum om it libben kaam. Syn frou fan 52 dy't achterop siet, is slim ferwûne rekke. Se rieden rjochting Fryslân doe't se op in frachtauto botsten. Dy remme foar wurk oan de dyk, mar dat seach de Burgumer te let. De man is op it plak fan it ûngemak ferstoarn. Syn frou is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

De Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân hat in pear oeren ticht west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)