Motorrider ferûngelokke

28 jul 2006 - 15:06

By in swier ûngelok is tongersdei in 23-jierrige man fan de Westerein om it libben kaam. It ûngelok barde op de dyk tusken Noardburgum en Twizel.

De motorrider is achter op in auto klapt, dy't oanriden waard troch in tsjinlizzer, dy't op de ferkearde helte fan de dyk bedarre wie, nei alle gedachten omdat er yn sliep fallen wie. De plysje hat him in bloedproef ôfnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)