Motorrider en fytster ferwûne

08 mrt 2014 - 17:28
  • De motor skode noch in ein troch en kaam ta stilstân yn de berm

By Minnertsgea binne sneontemiddei in motorrider en in fytster mei-inoar yn botsing kaam. De frou stuts de Tjessingawei oer fan in pleats ôf. In motorrider koe de frou net mear ûntwike en botste op de frou. De motor skode nei de oanriding noch hûndert meter oer de dyk troch. Motorrider en fytster rekken beide ferwûne. Se waarden mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje die ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok. Fanwege it moaie maaitiidswaar wiene sneon in soad motorriders op en paad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)