Motorrider earnstich ferwûne

31 okt 2014 - 10:30

In 54-jierrige motorrider út Dongeradiel is tongersdeitejûn om in oere as alve hinne earnstich ferwûne rekke doe't er ûnderút gong op de Piter Jelles Troelstrawei yn Ljouwert. Wêrtroch de man foel is net dúdlik,mar hy kaam hurd op de dyk telâne.

It slachtoffer is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht. Dêr is bloed by de man ôfnaam om't de plysje tinkt dat er dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)