Motorrider brekt beide earms by ûngelok

17 mrt 2015 - 10:39

In 61-jierrige motorrider fan Zuidlaarderveen is moandei ferwûne rekke doe't hy oanriden waard troch in 23-jierrige automobiliste út Harns. It ûngelok barde op in krusing by Westerbroek yn Grinslân. De motorrider ried rjochttroch mar waard rekke troch de bestjoerster doe't dy ofslaan woe.

Yn it sikehûs die bliken dat de man beide earms brutsen hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)