Motorrider Aldeholtpea ferwûne

02 jul 2007 - 10:09

In man fan 43 jier út Aldeholtpea is sneintejûn ferwûne rekke by in oanriding yn Wolvegea. In 46-jierrige autobestjoerster út Snits ried rjochting Wolvegea en soe de oprit fan de A32 opride, mar seach de motorrider oer de holle. It slachtoffer waard fan syn motor lansearre en kaam yn de berm telâne.

De man hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse nei it sikehûs op it Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)