Motorreis einiget yn drama

11 jun 2011 - 11:01
  • De reis nei Sulawesi is oer nei't in frachtwein Dijkstra efterop ried yn Dútslân

De motorreis fan Dirk Dijkstra en Jane Cohen út Ljouwert nei Yndonezië is nei twa dagen einige op de Dútske autobaan. Dijkstra waard fan achteren oanriden troch in frachtwein. Hy kaam sels mei de skrik frij, mar syn Harley Davidson út 1942 kin net mear fierder.

It echtpear woe mei de reis jild ophelje foar de bou fan bernetehús op Sulawesi. Oft dat no noch slagget wurdt noch besjoen. De Dijkstra's ride sneon werom nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)