Motorproblemen Sier ferholpen

11 jul 2014 - 16:21
  • Mear drokte op de eilannen soarget foar personielstekoart

De motorproblemen oan fearboat De Sier fan rederij Wagenborg binne oplost. Dat meldt direkteur Van Langen. De fearboat tusken Holwert en It Amelân hie freed te krijen mei motoryske problemen. De silinder fan ien fan de fjouwer motors wurke net goed. Dêrtroch koe De Sier minder hurd farre as oars en duorre de oertocht 20 minuten langer as oars.

De minsken hawwe der lykwols net in soad lest fan hân, seit Van Langen. Sneon fart de boat wer gewoan neffens tsjinstregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)