Motorplysje mei sin oanriden

07 mrt 2008 - 09:08

In 38-jierrige man út de gemeente Opsterlân is tongersdeitejûn by Terwispel oppakt omdat er in motorplysje mei opset sin oanriden hie. De plysje woe de autobestjoerder in stopteken jaan omdat er op de A7 hast in oanriding feroarsake.

Doe't de motorplysje foar de fertochte riden gie, joech de autobestjoerder fol gas. Troch hurd op te lûken koe de plysje in swiere oanriding noch krekt foarkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)