Motorpech by rêdingsaksje

30 jul 2010 - 10:20

De rêdingsboat fan Lauwerseach hat tongersdei maleur mei de motor hân by in rêdingsaksje bewesten Skiermûntseach. De boat hie in syljacht dat problemen hie mei de brânstoffoarsjenning op sleeptou. Dêrby foel de motor út fan 'e rêdingsboat.

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat de sleep oernaam. Dy hat it syljacht nei de haven fan Lauwerseach brocht. De rêdingsboat fan Lauwerseach is yn 'e thúshaven wer makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)