Motorklupleden pakt mei wapen

22 maaie 2014 - 10:54
  • Plysje

De plysje fertinkt in 31-jierrige ynwenner fan Snits fan bedriging. De man soe woansdei mei twa oare manlju in automobilist bedrige hawwe mei in wapen. Dat wie op de Weg der Verenigde Naties yn Grins. Neffens de plysje wie der gjin oanlieding foar de bedriging en is it slachtoffer samar útsocht.

Mei help fan it kenteken fan de auto dêr't de trije manlju ynsieten, koe de plysje har oppakke yn in hûs yn Mearum. Se binne fêstset en sille tongersdei heard wurde. De Snitser en ien fan de oare fertochten binne lid fan motorclub No Surrender.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)